Sirkus Kekke 14 - In bysûndere foarstelling

14. In bysûndere foarstelling - It is winter en goed kâld. De feart flakby de tinte is al beferzen. Ein boartet dêr: fleane en dan glydsje oer it iis. Ein is mar krekt op tiid foar de foarstelling. Mar krekt as de foarstelling begjinne sil, hearre se in hûn om help blaffen. Boer en de bisten drave nei de hûn ta dy’t by de feart stiet. Dan sjogge se dat der in jonge yn it wetter leit: hy giet hyltyd kopke ûnder. Ein giet gau nei him ta, mar as de jonge Ein by de nekke pakt, giet Ein ek kopke ûnder. Dan fine se in planke yn it gers, dy goaie se nei de jonge ta. De jonge kin him no fêsthâlde oan de planke. Mar hoe no fierder? Hoe komt de jongen út it wetter? De rêdingsaksje slagget wol, mar it giet net sa makkelik!
Alle útstjoerings fan Sirkus Kekke