Sirkus Kekke 12 - Untsnapt

12. Untsnapt - Sirkus Kekke hat de tinte opsetten tusken in pear hege gebouwen. Ein siket al gau in fiver op, mar komt oerstjoer wer werom. Ein hat in hiel frjemd gebou sjoen: sûnder ruten en mei stikeltried op ‘e muorren…. De bisten ha dan gau troch wat it is: in finzenis! Baarch is wat benaud, mar Ein stelt har gerêst: Ein sil dy nacht yn de fiver by de finzenis sliepe. Mar dy nacht hearre de oaren frjemde lûden: seachjen, peddeljen, in alarm… en dan twa manlju dy’t by de tinte lans drave! As de bisten op ûndersyk útgean, sjogge se allegear plysjes by de finzenis. Der binne twa boeven ûntsnapt! De plysje freget oft de bisten ek wat sjoen of heard hawwe. Ezel fertelt dat er net allinne it draven fan de boeven heard hat, mar noch wat: Ein! De boeven ha Ein meinommen! En dan sjogge se in wite fear, en efkes fierderop noch ien… As se, mei 4 plysjemannen, it spoar fan wite fearren folgje, komme se oan by in leech hûs. Soene de boeven……………?
Alle útstjoerings fan Sirkus Kekke