Studio F yn it wyld - natuer

Appy hat in fername man yn de famylje sitten: omke Knillis. Dizze omke is in echte jonkhear mei in eigen lânguod. Omke Knillis is koartlyn ferstoarn – hy wie al in âlde man – en no hat Appy syn lân krigen. Tegearre mei vd Baan, Eabele, Oebele en Mieke giet hy derhinne, mar it is eins net folle soeps: in stik gerslân mei wat strúkjeguod. Mieke komt op it idee om der in camping fan te meitsjen en yn no-time stiet de hiele klub tinten op te setten en sanitêr oan te lizzen. As Appy en Oebele hjirfoar yn de grûn oan it dollen binne, stjitte sy op wat aparts. Se grave it út en it docht bliken dat it in slachtosk is. As se fierder sykje fine se ek noch in echte skatkiste. Elk hat der hege ferwachtings fan en Mieke ûntdekt sels dat de slachtosken in hiel bysûndere archeologyske fynst binne: fan prehistoaryske mammoeten! Dan is dat stikje greidelân ynienen in unyk en weardefol stikje grûn en soenen de toeristen wolris mei hûnderten tagelyk komme kinne om nei dizze bysûndere boaiemskatten te sjen. Mar spitigernôch…

Alle útstjoerings fan StudioF