Leeftiid
0-3 3-6 6-9 9-12 12-15
(advertinsje)

Oer SkoalTV

Algemien: Fryske skoaltelefyzje bestiet al mear as 20 jier! Foar alle groepen fan de basisskoalle wurde Fryske programma's makke. Foar de earste twa groepen fan it fuortset ûnderwiis wurde dramasearjes makke. Ek meitsje we yn it skoaljier 2017-2018 in rige foar it Middelbier Berops ûnderwiis. De programma's wurde oanbean op ynternet, sadat skoallen sels bepale kinne wannear't se de programma's sjen wolle. Us missy is: SkoalTV makket ynspirearjende programma’s wêrtroch bern laitsje, groeie, eigenwearde ûntwikkelje en in foarsprong krije. Us kearnwearden binne : edukatyf, fris, feilich en ferrassend.

Utstjoering op Omrop Fryslân: De programma's wurde op woansdei en freed op Omrop Fryslân útstjoerd. 'Tsjek', it wyklikse programma foar de boppebou wurdt ek noch op sneintejûn útstjoerd nei Fryslân Dok. De útstjoertiden op woansdei en freed binne 10.30, 11.30, 12.30 en 16.00 oere; de útstjoertiden fan de programma's foar de oare doelgroepen (Kening Hert & Harry Hazze, Wat tekenje ik, WitWat en Skik)  binne 11.00 oere en 12.00 oere.

Ferwurkingsmateriaal: By it programma Wat tekenje ik is in wurkblêd beskikber. De programma's WitWat en Skik hawwe in wurkboekje mei opdrachten. De materialen binnen troch in klik op it ikoantsje te iepenjen. Tsjek hat in eigen krante, it Tsjek nijs. Tsjek nijs is te bestellen by it Cedin fia de bestellist fan Taalsintrum Frysk en kostet € 3,00 de learling foar in skoaljier. Sjoch op: http://www.taalsintrum.nl/materialen.html foar mear ynformaasje.

​Spoar 8: ​De programma's fan SkoalTV hawwe ek in plak binnen de digitale taalmethoade Spoar 8 fan de Afûk.

Afbeelding: